Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich...

Post on 27-Mar-2021

2 views 0 download

Transcript of Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich...

Psalmen en cantica

Roaster fan psalmen

Psalmroaster fan sân wiken mei as begjinpunten:Advint I, Quinquagesima, Peaske, Pinkster

wike I II III IV V VI VII dei

sneon.jû 130 141 142 145 147 139 103 134

snein.mo 92 118 95 146 148 149 150

snein.mi 6 19 38 76 78 106 119 1-39 1-24

snein.jû 110 111 112 113 114 115 116

moan.mo 5 40 41 42 50 84 24

moan.mi 7 21 39 58 78 107 119 40-72 1-22 25-48

moan.jû 124 127 136 138 23 72 75 137 93

tiis.mo 25 29 59 46 57 73 105 43

tiis.mi 10 26 44 64 82 107 119 23-43 49-72

tiis.jû 9 27 98 1 53 129 90 14 128

woan.mo 30 36 47 61 63 65 70

woan.mi 12 33 45 66 96 109 119 15 73-96

woan.jû 13 31 62 11 4 28 16 131

1006 Itdeistichgebed

wike I II III IV V VI VII dei

tong.mo 32 80 81 85 87 122 77

tong.mi 20 34 49 67 99 120 119 97-120

tong.jû 17 48 54 55 86 2 132 133

freed.mo 22 51 100 83 89 143 94 1-19 108

freed.mi 18 35 52 68 101 135 119 1-30 121-144

freed.jûn 69 79 91 71 123 3 129 125 121

sneon.mo 8 104 60 97 89 88 144 117 20-53

sneon.mi 18 37 56 74 102 140 119 31-51 145-176

Fan de psalmen dy’t kursivearre binne, steane de teksten hjirefter op s. 1009 o/m 1065.

1007Psalmenencantica

Psalmtoanen

1008 Itdeistichgebed

PSALM 4

As ik rop, antwurdzje my, *God, dy’t my rjocht docht.

Dy’t my yn ’e benearing ferromming jûn hat, *wês my genedich en harkje nei myn gebed.

Jimme, hege hearen, hoelang *sille jimme myn eare te nei komme,

sille jim it hâlde op dingen-fan-neat, *begien wêze op wat jim ferrifelt?

1009Psalmenencantica

Tink derom, dat de Heare my wûndere genedich west hat. *de Heare harket as ik oan Him rop.

Wyn jim op, bekweadigje jim net. *Oertink it op jim rêststee, mar hâld jim stil.

Bring de offers dy’t foarskreaun binne *en betrou op de Heare.

Gâns minsken tinke: Wa lit ús it goede sjen? *Lit, Heare, it ljocht fan jo antlit oer ús daagje!

Jo hawwe my mear wille yn it herte jûn *as dy oaren hawwe by de romte fan weet en wyn.

Yn frede sil ik my deljaan en sliepe, *want Jo allinnich, Heare, jouwe my in feilich honk.

1010 Itdeistichgebed

PSALM 5

Myn wurden, harkje dernei, Heare, *nim myn gemimer yn omtinken.

Hear nei myn lûde klacht, *myn kening en myn God.

Ta Jo ommers bid ik, Heare. °yn ’e moarntyd hearre Jo myn stim, *yn ’e moarntyd lis ik it Jo foar en ik wachtsje ôf.

1011Psalmenencantica

Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, *ferkearden fine by Jo gjin ûnderdak.

Jo ferdylgje de liger, *in ôfgriis hat de Heare fan ’e moardner en de bedrager.

Mar ik mei troch jo grutte geunst *yn jo hûs komme,

delfalle foar jo hillige went *yn huverjend ûntsach foar Jo.

Heare, lied my neffens jo oarder °om myn benearders te plak te setten, *sljochtsje my it paad nei Jo ta.

Yn har mûle is ommers neat dêr’t men op oan kin, *ynwindich bedoele se ûnheil,

in iepen grêf is har kiel, *se meitsje har tonge glêd.

Nim har geweken, o God, *lit se stroffelje oer har eigen plannen.

Mar lit allegear dy’t by Jo skûlje, bliid wêze, *lit se it útsjonge, mar oan en mar wei.

nim it foar har op, dat se yn Jo triomfearje meie *dy’t it mei jo namme hâlde.

Want Jo, Heare, segenje de rjochtfeardigen, *as mei in skyld beskermje Jo har mei goedwilligens.

1012 Itdeistichgebed

PSALM 16

Hoedzje my, God, *want by Jo sykje ik ûntwyk.

Ik sei tsjin de Heare: Myn Hear binne Jo, *myn rykdom, neat kin Jo belykje.

En tsjin de hilligen dy’t yn syn lân binne: *Hja binne de hearliken, dêr’t al myn behagen yn is.

By dy’t in oare God neirinne, *sil it lijen oanwinne.

Mei myn hannen sil ik har gjin offers bringe, *har nammen sil ik net iens op myn lippen nimme.

1013Psalmenencantica

Jo, Heare, binne it taparte diel dat de lotsbeker my joech *en Jo sille foar my bewarje wat my tafoel.

De mjitsnoeren binne foar my °yn skoandere kontreien fallen, *ja, myn erfskip stiet my tige oan.

Sa priizgje ik de Heare, dy’t my ried joech, *ja, by nacht warskôget myn binnenste my.

Ik hâld de Heare aloan foar eagen, *Hy is ommers oan myn rjochterhân, ik sil net wifkje.

Dêrom hat myn hert wille °en myn binnenst jubelet; *ek myn lichem sil feilich wenje.

Want Jo litte myn libben net oan it deaderyk oer, *Jo litte jo fertrouweling de ûngrûn net sjen.

Jo leare my it libbenspaad, °in oerfloed fan freugde is deun by Jo, *leaflikens yn jo rjochterhân.

1014 Itdeistichgebed

PSALM 31

I

Heare, by Jo haw ik taflecht socht, *lit my noait wer foar skande stean.

Rêd my troch my rjocht te dwaan, *hâld it ear nei my en bring my mei gauwens befrijing.Wês myn beskermjende rots, *in berchfêsting om my te rêden.

1015Psalmenencantica

Want myn rots en fêsting binne Jo. *Om jo namme, Heare, wol my liede en weidzje.

Wol my út it net weihelje °dat se temûk foar my spand hienen, *want Jo binne myn skûle.

Yn jo hân betrou ik myn libben, *Jo keapje my frij, Heare, trouwe God.

Jo haatsje ferearders fan neatige ôfgoaden,mar ik hâld it op de Heare.

Ik wol jûchje en bliid wêze om ’e geunst, *dat Jo nei myn ellinde omseagen, myn need achtsloegen

en my net oan myn fijân útleveren, *mar myn fuotten de romte joegen.

1016 Itdeistichgebed

31

II

Wês my tewille, Heare, want ik bin yn need, *myn each is flau fan fertriet.

Myn libben ferkwynt fan kommer, *myn libbensjierren fergeane yn suchtsjen;

fan ellinde bejout my de krêft, *de hiele lea is my stikken.

Al myn tsjinstanners húnje my no, *myn buorlju bin ik reden ta skodholjen.

en myn goedkunden in ôfgriis; *wa’t my bûten sjocht, rint by my wei.

Ik reitsje yn ’t ferjit as in deade, *ik bin as in ferwurden stik ark.

Want ik hear gâns minsken mûskopjen * – in ferskrikking oan alle kanten –

se briede plannen tsjin my út *en binne fan doel my it libben te benimmen.

Dochs hâld ik it op Jo, Heare, *en ik tink mar: Myn God binne Jo.

Myn takomst leit yn jo hân, *rêd my út ’e macht fan myn fijannen en ferfolgers.

Lit jo antlit oer jo tsjinner ljochtsje, *jou my útrêding troch jo geunst.

1017Psalmenencantica

31

III

Hoe grut is de goedens, *dy’t Jo minsken tatocht hawwe dy’t ûntsach hawwe foar Jo.

en dy’t Jo iepenbier makke hawwe *foar har dy’t taflecht by Jo sykje.

Jo ferbergje har yn ’e skûle fan jo oanwêzigens, *tsjin ’e laster fan ’e minsken.

Jo jouwe har beskûl yn in hutte, *tsjin de oanfallen fan ’e tonge.

Heech te priizgjen is de Heare, °want Hy hat wûndere goedgeunstich west *yn de tiid fan ’e benearing.

Al tocht ik yn myn mismoed; *Ik bin weiband út syn eachweid,

Jo harken nei myn lûd smeekjen, *doe’t ik oan Jo rôp.

Hâld it mei de Heare, *jimme, geunstlingen allegearre.

De Heare is in hoeder foar dy’t Him trou binne, *mar sweeslaggers jout Er dûbeld-en-dwers har lean.

Stean sterk en lit jim hert wis wêze, *jim allegear dy’t op de Heare hoopje.

1018 Itdeistichgebed

PSALM 51

Wês my genedich, o God, trou dat Jo binne, *nim yn jo grutte erbarming myn sûnde wei.

Waskje folslein de skuld fan my ôf, *reinigje my fan myn sûnde.Ik wit skoan dat ik mis west haw, *myn sûnde is noait by my wei.

Tsjin Jo, Jo allinne haw ik sûndige *en dien wat Jo ferkeard achtsje;

1019Psalmenencantica

dat Jo hawwe gelyk mei jo útspraak *en Jo binne earlik yn jo rjochtsjen.

’t Is wier, yn ferkeardens bin ik berne, *sûndich wie ik al doe’t mem swier fan my waard.

In oprjocht hert, dat stiet Jo oan *en Jo litte my sjen wat ik ferburgen hâld.

Meitsje my mei hyzop frij fan sûnde, °dat ik rein wurde mei, *waskje my, dat ik witer wurd as snie.

Lit my wer fan blydskip en freugde hearre, *lit jubelje de lea dy’t Jo tebrutsen hawwe.

Sjoch net nei myn sûnden *en al myn skulden, nim se wei.

In hert dat suver is, skep my dat, o God, *in wisse geast, wol dy yn my fernije.

Ferstjit my net út jo mienskip *en nim jo hillige Geast net by my wei.

Jou my de freugde om jo heil werom, *steun my mei de geast dy’t reewillich makket.

Dan sil ik de sûnders jo wegen leare, *dat de ferdwaalden by Jo weromkomme.

Ferlos my fan ’e bloedskuld, o God dy’t my befrijt, *dan jubelet myn tonge, mei’t Jo my oan myn rjocht helpe.Hear, iepenje my de lippen, *dan ferkundigje ik jo lof.

Want no hawwe Jo gjin nocht oan in offer, *al brocht ik in brânoffer, it soe Jo net befredigje.

Myn offer, o God, is in brutsen geast, *in brutsen geast en in tebrizele hert, °God, Jo achtsje dat net lyts.

1020 Itdeistichgebed

Doch Sion goed yn jo wolbehagen, *bou oan ’e muorren fan Jeruzalem.

Dan sille de offers Jo oanstean, °folsleine brânoffers,dan sil it hoarnfee op jo alters brocht wurde.

1021Psalmenencantica

PSALM 63

O God, Jo binne myn God *en ik sykje om Jo.

myn siele hat toarst nei Jo, °myn libben smachtet nei Jo *as droege, toarstige grûn dy’t gjin wetter krijt.

Sa sjoch ik yn it hillichdom nei Jo út *om jo macht en gloarje te oanskôgjen.

Want jo geunst betsjut mear as it libben; *dêr moatte myn lippen Jo om priizgje.

1022 Itdeistichgebed

Sa wol ik Jo loovje myn libben lang *en yn jo namme myn hannen opstekke.

As mei fet en moarch wurd ik sêde, *myn mûle is fol jubel en lof.

As ik op bêd oan Jo tink *en oer Jo mimerje as ik wekker lis,

– jawis, Jo binne my in help wurden; *yn it skaad fan jo wjukken jubelje ik.

Mei hert en siel hingje ik oan Jo *en jo rjochterhân hâldt my oerein.

1023Psalmenencantica

PSALM 90

Hear, Jo hawwe ús in taflecht west, *it iene geslacht nei it oare.

Foardat de bergen berne wienen, °ierde en wrâld ta wêzen kamen, *ja fan ivichheid oant ivichheid binne Jo God.

1024 Itdeistichgebed

Jo litte de minske wer ta stof keare *en jo sizze: Wurd wer stof, minskebern.

Want tûzen jier is foar Jo °as de dei dy’t juster foarbygong, *as in wachtersskoft yn ’e nacht.

Jo nimme de minsken wei as flarden sliep yn ’e moarn, *as gers dat mar amper opkomt.

Yn ’e moarntiid komt it op en it waakst, *de jûns is it wilich en fertoarke.

Want wy fergeane troch jo grime, *wurde opjage troch jo lilkens.

Us sûnden sette Jo foar Jo del, *wat wy beside hâlde, komt dan yn it ljocht fan jo antlit.

O, al ús dagen binne foarbygien ûnder jo grime, *ús jierren binne weiwurden as in sucht.

It tal fan ús jierren komt op santich jier *of op syn bêst op in tachtich;

it treflikste dêrfan is pine en fertriet,*it giet hurd en wy fleane nei de ein.

Wa ken it geweld fan jo grime *en wa hat ûntsach genôch foar jo lilkens?

Lear ús sa de dagen te tellen, *dat wy in wiis hert krije.

Kom werom, Heare! Hoelang noch? *Haw begrutsjen mei jo tsjinners.

Jou ús yn ’e moarntyd jo geunst mei folle hân, *dan kinne wy jubelje en al ús libbensdagen bliid wêze.

Meitsje ús likefolle dagen bliid °as Jo ús ûnder druk set hawwe, *al dy jierren dat wy it ûnheil seagen.

1025Psalmenencantica

Meitsje jo tsjinners jo wurk bekend *en oan har bern jo hearlikheid.

Mei sa de geunst fan de Hear, ús God, oer ús wêze *en lit Jo it wurk fan ús hannen wol bedije.

1026 Itdeistichgebed

PSALM 91

Dy’t yn ’e skûle fan de Heare wennet *en feilich is yn it skaad fan ’e Machtichste,

dy mei tsjin de Heare sizze: Myn taflecht en stins, *myn God, dêr’t ik it op oankomme lit.

Hy rêdt dy ommers út it net fan ’e fûgelfanger, *fan de deadlike pestsykte.

1027Psalmenencantica

Mei syn flerken dekt Er dy, °ûnder syn wjokken fynsto beskûl. *Syn trou is in skyld en pânser.

Do hoechst net te skriljen foar de skrik yn ‘e nacht, *foar de pylk, dy’t snuorret op ljochtskyndei,

foar de pest, dy’t troch it tsjuster slûpt, *foar de goarre, dy’t op ’e middei taslacht.

Tûzen falle njonken dy, °tsientûzen oan dyn rjochterhân, *mar dij komt it net benei.

Inkeld mei de eagen wurdst it gewaar *en do meist sjen hoe’t de sûnders straft wurde.

Omdatsto de Heare dyn taflecht neamst *en de Heechste foar dyn stins hâldst,

sil dy gjin ûnheil moetsje, *gjin pleach dyn tinte beneikomme.

Want syn ingels jout Er opdracht *om dy op al dyn wegen te hoedzjen.

Dy sille dy op ’e hannen drage, *datst dyn foet oan gjin stien stjitst.

Oer liuwen en slangen rinsto hinne *en do fertrapest de liuw en de draak.

Om’t er him oan My bynt, rêd ik him, *om’t er myn namme ken, beskermje Ik him.

Ropt er My, dan jou Ik antwurd, °hat er it benaud, dan bin Ik mei him, *Ik skuor him los en bring him ta eare.

Ik jou him de romte oan libbensdagen *en lit him sjen hoe’t Ik útrêding bring.

1028 Itdeistichgebed

PSALM 95

Kom, lit ús de Heare tajubelje, *jûchje foar de rots dy’t ús rêdt.

Lit ús mei in lofsang foar Him stean gean, *mei psalmen foar Him jûchje.

Want in grut God is de Heare, *in grut kening oer alle goaden.

1029Psalmenencantica

Yn syn hân binne de djipten fan ’e ierde, *fan Him binne de toppen fan ’e bergen.

De see is fan Him, Hy hat dy makke, *de fêste wâl, syn hannen hawwe dy foarme.

Kom, lit ús delfalle en bûge, *knibbelje foar de Heare, dy’t ús makke hat.

Hy is ommers ús God, °en wy binne it folk, dat Er hoedet, *de keppel dêr’t syn hân oer giet.

Och, woenen jim hjoed noch harkje nei syn stim. °Ferhurdzje jimme net lykas by Meriba, *as destiids by Massa yn ’e wyldernis,

dêr’t jimme foarfaars My hifken *en fergen, hoewol’t hja myn wurk seagen.

Fjirtich jier haw Ik fan dat geslacht walge. °Ik sei: It hert fan dat folk is op ’e doele, *se wolle fan myn wegen net mear witte.

Dêrom haw Ik yn myn grime sward: *By My sille se gjin rêst fine!

1030 Itdeistichgebed

PSALM 110

Dit wie de Godsspraak fan ’e Heare oan myn hear: °Gean sitten oan myn rjochterhân. *oant Ik fan dyn fijannen dij in fuotbank meitsje.

De skepter fan jo macht °mei de Heare jo oanrikke út Sion wei.*Hearskje middenmank jo fijannen.

Jo folk stiet klear de deis dat jo jo macht sjen litte: °yn hillige pronk stiet de jongerein foar jo ree *as de dauwe út ’e skurte fan ’e dage.

1031Psalmenencantica

De Heare hat sward en it komt Him net te muoien: *Do bist foar ivich pryster op ’e wize fan Melchisédek.

De Heare stiet oan jo rjochterhân. *No teplettert Er keniningen, as syn grime losbarst.

Hy rjochtet de folken, besieddet de lannen mei liken, *tepletters koppen op it wide fjild.

Hy drinkt ûnderweis út ’e beek, *dan kin er de holle wer tille.

1032 Itdeistichgebed

PSALM 111

Ik tankje de Heare mei it hiele hert, *yn ’e rûnte fan ’e frommen en yn ’e gearkomste.

Grut binne de dieden fan ’e Heare; *dy’t der bliid mei binne, hawwe der ûnderfining fan.

Ferheven en hearlik is syn dwaan *en syn gerjochtichheid bestiet foar ivich.

1033Psalmenencantica

Mei syn wûnders hat Er namme makke; *goedgeunstich en barmhertich is de Heare.

Dy’t ûntsach foar Him hienen, hat Er iten jûn *en altyd tinkt Er oan syn ferbûn.

Hy hat it folk syn machtsdieden fiele litten, *doe’t Er har it erfskip fan ’e heidenen joech.

Wier en rjocht binne de wurken fan syn hannen, *betroud binne al syn oarderingen,

foar ivich en altyd steane se fêst, *yn trou en oprjochtens moatte se dien wurde.

Syn folk hat Er ferlossing beskikt, ° syn ferbûn har foar ivich oplein; *syn namme is hillich en ûntsachlik.

Untsach foar de Heare is it begjin fan ’e wysheid °en al wa’t dat hat, sjocht it goed. *Syn lof sil ivich bestean.

1034 Itdeistichgebed

PSALM 112

Hoe gelokkich is de man, dy’t ûntsach hat foar de Heare *en bliid is mei syn geboaden.

Syn neiteam sil sterk wêze yn it lân, *it geslacht fan ’e frommen wurdt segene.

Yn syn hûs is grutte rykdom *en syn gerjochtichheid giet altyd troch.

Foar de fromme is der in ljocht yn it tsjuster; *genedich, barmhertich en rjocht.

1035Psalmenencantica

In goed minske wit fan jaan en útlienen *en hy be-oarderet syn saken sa’t it heart.

Hy sil yn der ivichheid net wifkje *en de rjochtfeardige bliuwt yn oansjen.

Kwealaster is er net bang foar, *syn hert is wis yn ’t fertrouwen op ’e Heare.

Hy bliuwt himsels en ferblikt net, *oant er op syn tsjinstanners delsjen mei.

Goederjousk dielt er mei oan ’e earmen °en syn gerjochtichheid giet altyd troch, *syn eare en macht winne hieltyd oan.

De ferkearde sjocht it en fergunt it him, °hy knarst op ’e tosken en jout him ôf. *Wat sûnders begeare, komt neat fan terjochte.

1036 Itdeistichgebed

PSALM 113

Loovje, tsjinners fan de Heare, *loovje de namme fan de Heare.

Heech te priizgjen is de namme fan de Heare *fan no ôf oant yn i-vichheid.

Fan it uterste easten oant it fierste westen *is de namme fan de Heare te loovjen.

1037Psalmenencantica

Boppe alle folken is de Heare ferheven * en syn hearlikheid is boppe de himel.

Wa is as de Heare, ús God, * yn ’e himel of op ’e ierde?

dy’t yn ’e hichte syn troan hat, *en yn ’e lichte delsjocht,

dy’t de swakke oerein helpt út it stof *en de earme omheech hellet út it slyk,

dy’t him plak jout njonken eallju, *njonken de eallju fan syn folk,

Dy’t de ûnfruchtbere húsfrou wenje lit *as in blide mem-mei-bern.

1038 Itdeistichgebed

PSALM 114

Doe’t Israel út Egypte teach, *it skaai fan Jakob út in frjemd-talich folk,

is Juda syn hearlike wente wurden *en Israel syn ryksgebiet.

Dat seach de see en f lechte, *de Jordaan ek skrille tebek,

1039Psalmenencantica

de bergen sprongen as rammen, *de heuvels as jonge lammen.

Wat wie deroan, see, datsto f lechtest, *Jordaan, datsto tebekskrillest?

Wêrom, bergen, sprongen jimme as rammen *en jimme, heuvels, as jonge lammen?

Beevje, ierde, foar it antlit fan de Heare, *foar it antlit fan Jakobs God,

dy’t de rots yn in dobbe feroare *en de balstien yn in wetterwelle.

1040 Itdeistichgebed

PSALM 115

Net ús, o Heare, net ús, mar jo namme komt eare ta * om jo geunst en trou.

Wêrom moatte de folken sizze: *“Wêr is dochs har God?”

Us God is yn ’e himel *en Hy docht wat Er wol.

1041Psalmenencantica

Har goaden binne sulver en goud, *troch minskehannen makke.

Se hawwe in mûle, mar prate net, *se hawwe eagen, mar sjogge net,

se hawwe earen, mar hearre net, *se hawwe in noas, mar rûke net,

se hawwe hannen, mar taaste net, °se hawwe fuotten, mar rinne net, *se jouwe gjin lûd mei har kiel.

Dy’t har makke hawwe, moatte wurde as sij *mei elk dy’t op har fertrout.

Mar Israel fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

It hûs fan Aäron fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

De godfreezjenden fertrouwe op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

De Heare tinkt oan ús, Hy sil ús segenje, *Hy sil It hûs fan Israel segenje,

Hy sil segenje dy’t ûntsach ha, *de lytsen en de grutten.

De Heare mei jim oanwinne litte, *jimme en jim bern.

Segene binne jim troch de Heare, *dy’t himel en ierde skepen hat.

De himel is de Heare sines *mar de ierde hat Er de minsken jûn.

Net de deaden sille de Heare loovje, *net ien fan har dy’t yn ’e stilte delsonken binne,

1042 Itdeistichgebed

mar wy, wy wolle de Heare priizgje *fan no ôf oant yn i-vichheid.

1043Psalmenencantica

PSALM 116

I

Ik haw de Heare tige leaf, *om’t Er nei myn smeekjen harket,

Om’t Er it ear nei my hâlden hat, *sil ik Him oanroppe myn libben lang.

1044 Itdeistichgebed

Bannen fan ’e dea wienen om my hinne spand, °de eangst foar it deaderyk fleach my oan, * yn druk en drôvens kaam ik suver om,

mar ik rôp de Heare by de namme: *O Heare, rêd myn libben!

Genedich en rjochtfeardich is de Heare *en barmhertich is ús God.

De Heare hoedet de ienfâldigen; *ik wie der min oan ta, mar Hy hat my ferlost.

Kom wer ta rêst, sis ik tsjin mysels, *want de Heare hat dy goed dien.

Omdat Jo myn libben frijskat hawwe fan ’e dea, °myn eagen fan triennen *en myn fuotten fan stroffeljen,

dêrom kin ik by de Heare yn- en útgean *yn it lân fan ’e libbenen.

1045Psalmenencantica

116

II

Ik hie fertrouwen, al sei ik ek: *O wat bin ik der ellindich oan ta –

en al tocht ik mismoedich: *Alle minsken falle my ôf.

Wat sil ik de Heare no weromdwaan *foar alle goeds dat Er my dien hat?

Heech til ik de beker fan it heil *en rop de namme fan de Heare út

Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk.

Te djoer is yn ’e eagen fan de Heare, °jo tsjinstfeint, in soan fan jo tsjinstfaam, dêrom hawwe Jo myn boeien tebrutsen.

Oan Jo bring ik in tankoffer *en ik rop de namme fan de Heare oan.

Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk,

yn ’e foarhôven fan it hûs fan de Heare *yn dyn fermidden, Jeruzalim.

1046 Itdeistichgebed

PSALM 117

1047Psalmenencantica

PSALM 118

1048 Itdeistichgebed

I

Tankje de Heare, want Hy is goed, *ivich duorret syn geunst.

Israel moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

It hûs fan Aäron moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

Al wa’t ûntsach foar de Heare hat moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

Yn ’e benaudens rôp ik oan de Heare; *de Heare hat my antwurde en my romte jûn.

As de Heare foar my is, bin ik net bang. *Wat kinne minsken my oandwaan?

As de Heare myn helper is, *dan sjoch ik op myn haters del.

It is better by de Heare te skûljen *as op minsken fan oansjen te fertrouwen.

1049Psalmenencantica

118

II

Alderhanne folken hienen my besingele: *Yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

Oan alle kanten hienen se my besingele: *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

As bijen hiene se my besingele, °mar as in toarnefjoer binne se útgien; *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

Se hienen my sa stompt, dat ik foel omtrint,mar de Heare hat my bystien.*

De Heare is myn krêft en myn liet, *Hy is myn rêder wurden.

Der is lûde jubel en triomf *yn ’e tinten fan ’e rjochtfeardigen:

De rjochterhân fan de Heare is heech ferheven,de rjochterhân fan de Heare docht machtige dieden. *

Ik sil net stjerre, mar libje *en fertelle wat de Heare dien hat.

De Heare hat my kastijd en wer kastijd, *mar net oan ’e dea oerjûn.

1050 Itdeistichgebed

118

III

Doch my de poarten fan ’e gerjochtichheid iepen; *ik wol deryn om de Heare te tankjen.

Dit is de poarte nei de Heare; *de rjochtfeardigen meie der ta yngean.

Ik tankje Jo, dat Jo my antwurde ha *en dat Jo myn rêder wurden binne.

De stien dy’t de boulju weidien hienen, *dy is no de hoekstien wurden.

Dat is sa kommen troch de Heare *en in wûnder is it yn ús eagen.

Dit is de dei, dy’t de Heare makke hat; *om Him wolle wy jubelje en bliid wêze.

Och Heare, jou ús útrêding! *Och Heare, dat it ús slagje mocht!

Heech te priizgjen is, dy’t komt yn ’e namme fan de Heare. °Wy winskje jimme heil út it hûs fan de Heare. *De Heare is God, Hy liet it foar ús daagje.

Byn no it feestoffer mei touwen *oan ‘e hoarnen fan it alter.

Jo binne myn God en Jo wol ik tankje, *myn God, heech wol ik fan Jo opjaan.

Tankje de Heare, want Hy is goed, *ja, ivich duorret syn geunst.

1051Psalmenencantica

PSALM 121

Ik slach myn eagen op nei de bergen. *Wêr moat myn help wei komme?

Myn help komt fan de Heare, *dy’t himel en ierde makke hat.

Hy lit dyn foet net wifkje *en Hy slommet net, dyn Hoeder.

1052 Itdeistichgebed

Nee, net slomje en net sliepe *sil de Hoeder fan Israel.

De Heare is dyn Hoeder, *de Heare is dyn skaad oan ’e rjochterside.

Oerdeis stekt dy de sinne net, *nachts docht de moanne dy gjin kwea.

De Heare hoedet dy foar alle kwea, *Hy hoedet dyn libben.

De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen *fan no ôf oant yn i-vichheid.

1053Psalmenencantica

PSALM 130

Ut ‘e djipte wei rop ik Jo, Heare. *Hear, harkje nei myn stim.

Lit Jo earen dochs acht jaan *op myn lûd smeekjen.

As Jo, Heare, my de sûnden oanrekkenje, *o Hear, wa kin dan steande bliuwe?

1054 Itdeistichgebed

Mar Jo kinne ferjaan *en dêrom hat men ûntsach foar Jo.

Ik wachtsje op de Heare, *mei hert en siel wachtsje ik, ik hoopje op syn belofte.

Mei hert en siel sjoch ik út nei de Heare, *mear as wachters nei de moarntyd, °wachters nei de moarntyd.

Wachtsje, Israel, op de Heare, want by de Heare is genede, *by Him is folsleine ferlossing.

Ja, Hy sil Israel ferlosse *fan alle ûngerjochtichheid.

1055Psalmenencantica

PSALM 134

Kom, priizgje no de Heare, *jimme tsjinners fan de Heare,

dy’t de nachttsjinst hawwe *yn it hûs fan de Heare.

Heevje de hannen nei it hillichdom *en priizgje de Heare.

De Heare dy’t himel en ierde makke hat, *Hy mei dy segenje út Sion wei.

1056 Itdeistichgebed

PSALM 141

Heare, ik rop om Jo, kom mei hasten by my, *harkje, no’t ik lûd om Jo rop.

Lit myn gebed as wijreek nei Jo opstige, *en lit myn opstutsen hannen in jûntydsoffer wêze.

Set, Heare, in wacht foar myn mûle *en hoedzje de doar fan myn lippen.

1057Psalmenencantica

Lit myn hert net oerhingje nei it ferkearde, *oars soe ik my slim besûndigje kinne.

Al hoe’t kweaminsken my ek lokje, *lit my net priuwe fan har swiet.

In rjochtfeardige mei my slaan, dat docht my deugd, °as dy my ôfstraft, is it as oalje op myn holle.As se yn it lijen komme, bliuw ik noch biddende;

As se yn ’e hurde hân fan har rjochters falle, *dan sille se noch altyd hearre, °hoe freonlik myn wurden binne.

As hie immen de ierde ploege en iepenskuord, °sa lizze ús bonken strak ferstruid, * de mûle fan it deaderyk is iepen.

Mar, Heare, myn God, nei Jo sjogge myn eagen °en by Jo sykje ik myn taflecht; *smyt myn libben net wei yn ’e dea.

Hoedzje my foar de strûp dy’t se my spanne, *en foar de falnetten fan kweadoggers.

Lit de ferkearden yn har eigen kûlen falle, *wylst ik myn wegen gean.

1058 Itdeistichgebed

PSALM 146

Lit al wat yn my is de Heare priizgje, *ik priizgje de Heare myn libben lang,

foar myn God wol ik psalmsjonge * salang as ik der bin.

Fertrou net op foarsten, net op minskebern, *dêr’t gjin help fan komt.

1059Psalmenencantica

As de siken derút geane, wurdt er wer stof fan ’e ierde *en is it dien mei syn foarnimmens.

Gelokkich de man dy’t Jakobs God as helper hat, *dy’t hopet op de Heare, syn God;

God, dy’t himel en ierde makke hat, *De see en al wat dêryn is.

Dy’t trou bliuwt oant yn i-vichheid, *dy’t ferdrukten oan har rjocht helpt

en de hongerigen brea jout. *De Heare lit de gefangenen los,

de Heare jout de blinen it gesicht, *de Heare helpt de delbûgden oerein,

de Heare hâldt it mei de rjochtfeardigen, *de Heare beskermet de frjemdelingen,

Hy hâldt de widdo en de wees op fuotten, *mar de wei fan sûnders lit Er dearinne.

De Hear is foar ivich kening, *dyn God, Sion, fan âlder op âlder.

1060 Itdeistichgebed

PSALM 148

Loovje de Heare út de himel wei, *loovje Him yn ’e hichte,

loovje Him, al syn ingels, *loovje Him, al syn legers,

loovje Him, sinne en moanne, *loovje Him, alle ljochtsjende stjerren,

loovje Him, boppeste himel *en jimme, wetters boppe de himel:

1061Psalmenencantica

hja moatte de namme fan de Heare loovje, *want op syn befel binne se skepen;

Hy joech har foar altyd en ivich it bestean *en brocht har yn in baan dy’t Er net wer feroaret.

Loovje de Heare ek fan de ierde ôf, *jimme, seemeunsters en alle djipten,

fjoer en hagel, snie en dize, *do, stoarmwyn dy’t syn wil folbringt,

jimme, bergen en alle heuvels, *fruchtbeammen en alle seders,

jimme, wyldguod en alle fee yn keppels, *al wat krûpt en al wat f ljocht,

jimme, keningen fan ’e ierde en alle folken, *foarsten en rjochters op ierde,

jimme, jongfeinten en jongfammen, *de âlderein mei de jongerein;

hja moatte de namme fan de Heare loovje, °want syn namme is allinnich ferheven *en syn majesteit is boppe himel en ierde.

Hy liet de macht fan syn folk oanwinne, *Hy joech al syn geunstlingen in lofsang,

oan de bern fan Israel, *oan it folk dat Him neistiet.

1062 Itdeistichgebed

PSALM 149

Sjong foar de Heare in nij liet, *syn lof yn ‘e gemeente fan syn geunstlingen.

Lit Israel bliid wêze om syn Skepper, *lit de bern fan Sion jubelje om har Kening.

Lit har syn namme huldigje mei dûnsjen, *lit har by tromme en liere foar Him psalmsjonge.

1063Psalmenencantica

Want de Heare hat tige mei syn folk op, *Hy kroanet de ellindigen mei de oerwinning.

Lit de geunstlingen jubelje yn gloarje, *lit har jubelje yn har legerkampen,

de mûle fol fan Gods lofprizingen *en in twasnedich wapen yn ’e hân.

Wraak oefenje ûnder de folken, *ferjilding ûnder de naasjes,

har kening mei kettings bine, *har foarname lju mei izeren boeiens,

it beskreaune fonnis oan har útfiere – *dàt is de eare foar al syn geunstlingen.

1064 Itdeistichgebed

PSALM 150

Loovje God yn syn hillichdom, *loovje Him yn syn machtich ferwulft,

loovje Him om syn machtige dieden, *loovje Him, machtich en grut dat Er is,

loovje Him mei de klang fan ’e rammehoarn, *loovje Him mei harp en liere,

loovje Him mei tromme en dûns, *loovje Him mei snaren en fluit,

loovje Him mei slaande bekkens, °loovje Him mei sketterjende bekkens, *al wat sykhellet, loovje de Heare.

1065Psalmenencantica

CanticaAntifoanen(meioantsjuttingfanpsalmtoan)side1070-1090

Lukas 1:46-55LofsangfanMaria

Ik loovje de Hear mei hert en siel, *ik jubelje om God, myn Rêder:

dat Er genedich delsjoen hat op syn lytse faam. *Dêrom sille fan no ôf alle geslachten my lokkich neame,

omdat Hy dy’t de Machtige en de Hillige hjit, *grutte dingen oan my dien hat.

De geslachten lâns giet syn barmhertichheid *oer dy’t earbied foar Him hawwe.

Hy hat sjen litten de sterkens fan syn earmen, *de heechhertigen reage Er útinoar.

Hege machthawwers helle Hy del fan ’e troan, *mar lytse lju holp Er omheech.

Hongerigen hat Hy sêde mei goede jeften, *mar riken stjoerde Er mei lege hannen fuort.

Hy hat it opnommen foar Israel, syn tsjinner, *troch te tinken om syn barmhertichheid,

lykas Er ús foarâlden tasein hie, *Abraham en syn neiteam ta segen, altiten troch.

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1066 Itdeistichgebed

Lukas 1:68-79LofsangfanSacharias

Heech te priizgjen is de Hear, de God fan Israel, *want genedich hat Er nei syn folk omsjoen °en it ferlossing brocht.

In rêdende krêft liet Er foar ús opkomme *yn it hûs fan David, syn tsjinner,

sa’t Er tasein hie troch de mûle *fan dy’t de ieuwen lâns syn hillige profeten wienen:

ferlossing fan ús fijannen *en út ’e macht fan al ús haters.

Meilijen hied Er mei ús foarâlden * en Hy tocht om syn hillich ferbûn

en om ’e eed dy’t Er dien hie oan Abraham, ús heit, *dat wy sûnder eangst, frij fan fijannen,

Him tsjinje koenen, hillich en from *foar Him stean, alle dagen.

En do, myn jonkje, silst profeet °fan de Alderheechste neamd wurde, *want do silst foar Him út gean °om syn paad ree te meitsjen

en te soargjen dat syn folk kennis kriget fan ’e ferlossing, *trochdat de sûnden har ferjûn wurde °fanwegen de ynmoedige barmhertichheid fan ús God,

wêrmei’t Er genedich op ús delsjen sil *as Moarnsrea út ’e himel,

om harren ljocht te bringen, °dy’t sitte yn it tsjustere skaad fan ’e dea *en ús it paad nei frede op te stjoeren.

1067Psalmenencantica

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1068 Itdeistichgebed

Lukas 2:29-32LofsangfanSimeon

No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij *om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean;

myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen, *dy’t Jo tarè­t hawwe foar it each fan alle folken,

in ljocht om de heidens it paad te wizen*en in gloarje foar jo folk Israel.

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1069Psalmenencantica

Antifoanen by de cantica

1070 Itdeistichgebed

1071Psalmenencantica

1

2

3

1072 Itdeistichgebed

4

5

6

7

1073Psalmenencantica

8

9

10

11

1074 Itdeistichgebed

12

13

14

15

1075Psalmenencantica

16

17

18

19

1076 Itdeistichgebed

20

21

22

1077Psalmenencantica

23

24

25

26

1078 Itdeistichgebed

27

28

29

30

1079Psalmenencantica

31

32

33

1080 Itdeistichgebed

34

35

36

37

1081Psalmenencantica

38

39

40

41

1082 Itdeistichgebed

42

43

44

1083Psalmenencantica

45

46

47

48

1084 Itdeistichgebed

49

50

51

52

1085Psalmenencantica

53

54

55

1086 Itdeistichgebed

56

57

58

1087Psalmenencantica

59

60

61

1088 Itdeistichgebed

62

63

64

65

1089Psalmenencantica

66

68

69

70

67

1090 Itdeistichgebed

71

72

73