Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich...

87

Transcript of Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich...

Page 1: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden
Page 2: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Psalmen en cantica

Page 3: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Roaster fan psalmen

Psalmroaster fan sân wiken mei as begjinpunten:Advint I, Quinquagesima, Peaske, Pinkster

wike I II III IV V VI VII dei

sneon.jû 130 141 142 145 147 139 103 134

snein.mo 92 118 95 146 148 149 150

snein.mi 6 19 38 76 78 106 119 1-39 1-24

snein.jû 110 111 112 113 114 115 116

moan.mo 5 40 41 42 50 84 24

moan.mi 7 21 39 58 78 107 119 40-72 1-22 25-48

moan.jû 124 127 136 138 23 72 75 137 93

tiis.mo 25 29 59 46 57 73 105 43

tiis.mi 10 26 44 64 82 107 119 23-43 49-72

tiis.jû 9 27 98 1 53 129 90 14 128

woan.mo 30 36 47 61 63 65 70

woan.mi 12 33 45 66 96 109 119 15 73-96

woan.jû 13 31 62 11 4 28 16 131

1006 Itdeistichgebed

Page 4: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

wike I II III IV V VI VII dei

tong.mo 32 80 81 85 87 122 77

tong.mi 20 34 49 67 99 120 119 97-120

tong.jû 17 48 54 55 86 2 132 133

freed.mo 22 51 100 83 89 143 94 1-19 108

freed.mi 18 35 52 68 101 135 119 1-30 121-144

freed.jûn 69 79 91 71 123 3 129 125 121

sneon.mo 8 104 60 97 89 88 144 117 20-53

sneon.mi 18 37 56 74 102 140 119 31-51 145-176

Fan de psalmen dy’t kursivearre binne, steane de teksten hjirefter op s. 1009 o/m 1065.

1007Psalmenencantica

Page 5: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Psalmtoanen

1008 Itdeistichgebed

Page 6: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 4

As ik rop, antwurdzje my, *God, dy’t my rjocht docht.

Dy’t my yn ’e benearing ferromming jûn hat, *wês my genedich en harkje nei myn gebed.

Jimme, hege hearen, hoelang *sille jimme myn eare te nei komme,

sille jim it hâlde op dingen-fan-neat, *begien wêze op wat jim ferrifelt?

1009Psalmenencantica

Page 7: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Tink derom, dat de Heare my wûndere genedich west hat. *de Heare harket as ik oan Him rop.

Wyn jim op, bekweadigje jim net. *Oertink it op jim rêststee, mar hâld jim stil.

Bring de offers dy’t foarskreaun binne *en betrou op de Heare.

Gâns minsken tinke: Wa lit ús it goede sjen? *Lit, Heare, it ljocht fan jo antlit oer ús daagje!

Jo hawwe my mear wille yn it herte jûn *as dy oaren hawwe by de romte fan weet en wyn.

Yn frede sil ik my deljaan en sliepe, *want Jo allinnich, Heare, jouwe my in feilich honk.

1010 Itdeistichgebed

Page 8: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 5

Myn wurden, harkje dernei, Heare, *nim myn gemimer yn omtinken.

Hear nei myn lûde klacht, *myn kening en myn God.

Ta Jo ommers bid ik, Heare. °yn ’e moarntyd hearre Jo myn stim, *yn ’e moarntyd lis ik it Jo foar en ik wachtsje ôf.

1011Psalmenencantica

Page 9: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, *ferkearden fine by Jo gjin ûnderdak.

Jo ferdylgje de liger, *in ôfgriis hat de Heare fan ’e moardner en de bedrager.

Mar ik mei troch jo grutte geunst *yn jo hûs komme,

delfalle foar jo hillige went *yn huverjend ûntsach foar Jo.

Heare, lied my neffens jo oarder °om myn benearders te plak te setten, *sljochtsje my it paad nei Jo ta.

Yn har mûle is ommers neat dêr’t men op oan kin, *ynwindich bedoele se ûnheil,

in iepen grêf is har kiel, *se meitsje har tonge glêd.

Nim har geweken, o God, *lit se stroffelje oer har eigen plannen.

Mar lit allegear dy’t by Jo skûlje, bliid wêze, *lit se it útsjonge, mar oan en mar wei.

nim it foar har op, dat se yn Jo triomfearje meie *dy’t it mei jo namme hâlde.

Want Jo, Heare, segenje de rjochtfeardigen, *as mei in skyld beskermje Jo har mei goedwilligens.

1012 Itdeistichgebed

Page 10: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 16

Hoedzje my, God, *want by Jo sykje ik ûntwyk.

Ik sei tsjin de Heare: Myn Hear binne Jo, *myn rykdom, neat kin Jo belykje.

En tsjin de hilligen dy’t yn syn lân binne: *Hja binne de hearliken, dêr’t al myn behagen yn is.

By dy’t in oare God neirinne, *sil it lijen oanwinne.

Mei myn hannen sil ik har gjin offers bringe, *har nammen sil ik net iens op myn lippen nimme.

1013Psalmenencantica

Page 11: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Jo, Heare, binne it taparte diel dat de lotsbeker my joech *en Jo sille foar my bewarje wat my tafoel.

De mjitsnoeren binne foar my °yn skoandere kontreien fallen, *ja, myn erfskip stiet my tige oan.

Sa priizgje ik de Heare, dy’t my ried joech, *ja, by nacht warskôget myn binnenste my.

Ik hâld de Heare aloan foar eagen, *Hy is ommers oan myn rjochterhân, ik sil net wifkje.

Dêrom hat myn hert wille °en myn binnenst jubelet; *ek myn lichem sil feilich wenje.

Want Jo litte myn libben net oan it deaderyk oer, *Jo litte jo fertrouweling de ûngrûn net sjen.

Jo leare my it libbenspaad, °in oerfloed fan freugde is deun by Jo, *leaflikens yn jo rjochterhân.

1014 Itdeistichgebed

Page 12: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 31

I

Heare, by Jo haw ik taflecht socht, *lit my noait wer foar skande stean.

Rêd my troch my rjocht te dwaan, *hâld it ear nei my en bring my mei gauwens befrijing.Wês myn beskermjende rots, *in berchfêsting om my te rêden.

1015Psalmenencantica

Page 13: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Want myn rots en fêsting binne Jo. *Om jo namme, Heare, wol my liede en weidzje.

Wol my út it net weihelje °dat se temûk foar my spand hienen, *want Jo binne myn skûle.

Yn jo hân betrou ik myn libben, *Jo keapje my frij, Heare, trouwe God.

Jo haatsje ferearders fan neatige ôfgoaden,mar ik hâld it op de Heare.

Ik wol jûchje en bliid wêze om ’e geunst, *dat Jo nei myn ellinde omseagen, myn need achtsloegen

en my net oan myn fijân útleveren, *mar myn fuotten de romte joegen.

1016 Itdeistichgebed

Page 14: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

31

II

Wês my tewille, Heare, want ik bin yn need, *myn each is flau fan fertriet.

Myn libben ferkwynt fan kommer, *myn libbensjierren fergeane yn suchtsjen;

fan ellinde bejout my de krêft, *de hiele lea is my stikken.

Al myn tsjinstanners húnje my no, *myn buorlju bin ik reden ta skodholjen.

en myn goedkunden in ôfgriis; *wa’t my bûten sjocht, rint by my wei.

Ik reitsje yn ’t ferjit as in deade, *ik bin as in ferwurden stik ark.

Want ik hear gâns minsken mûskopjen * – in ferskrikking oan alle kanten –

se briede plannen tsjin my út *en binne fan doel my it libben te benimmen.

Dochs hâld ik it op Jo, Heare, *en ik tink mar: Myn God binne Jo.

Myn takomst leit yn jo hân, *rêd my út ’e macht fan myn fijannen en ferfolgers.

Lit jo antlit oer jo tsjinner ljochtsje, *jou my útrêding troch jo geunst.

1017Psalmenencantica

Page 15: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

31

III

Hoe grut is de goedens, *dy’t Jo minsken tatocht hawwe dy’t ûntsach hawwe foar Jo.

en dy’t Jo iepenbier makke hawwe *foar har dy’t taflecht by Jo sykje.

Jo ferbergje har yn ’e skûle fan jo oanwêzigens, *tsjin ’e laster fan ’e minsken.

Jo jouwe har beskûl yn in hutte, *tsjin de oanfallen fan ’e tonge.

Heech te priizgjen is de Heare, °want Hy hat wûndere goedgeunstich west *yn de tiid fan ’e benearing.

Al tocht ik yn myn mismoed; *Ik bin weiband út syn eachweid,

Jo harken nei myn lûd smeekjen, *doe’t ik oan Jo rôp.

Hâld it mei de Heare, *jimme, geunstlingen allegearre.

De Heare is in hoeder foar dy’t Him trou binne, *mar sweeslaggers jout Er dûbeld-en-dwers har lean.

Stean sterk en lit jim hert wis wêze, *jim allegear dy’t op de Heare hoopje.

1018 Itdeistichgebed

Page 16: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 51

Wês my genedich, o God, trou dat Jo binne, *nim yn jo grutte erbarming myn sûnde wei.

Waskje folslein de skuld fan my ôf, *reinigje my fan myn sûnde.Ik wit skoan dat ik mis west haw, *myn sûnde is noait by my wei.

Tsjin Jo, Jo allinne haw ik sûndige *en dien wat Jo ferkeard achtsje;

1019Psalmenencantica

Page 17: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

dat Jo hawwe gelyk mei jo útspraak *en Jo binne earlik yn jo rjochtsjen.

’t Is wier, yn ferkeardens bin ik berne, *sûndich wie ik al doe’t mem swier fan my waard.

In oprjocht hert, dat stiet Jo oan *en Jo litte my sjen wat ik ferburgen hâld.

Meitsje my mei hyzop frij fan sûnde, °dat ik rein wurde mei, *waskje my, dat ik witer wurd as snie.

Lit my wer fan blydskip en freugde hearre, *lit jubelje de lea dy’t Jo tebrutsen hawwe.

Sjoch net nei myn sûnden *en al myn skulden, nim se wei.

In hert dat suver is, skep my dat, o God, *in wisse geast, wol dy yn my fernije.

Ferstjit my net út jo mienskip *en nim jo hillige Geast net by my wei.

Jou my de freugde om jo heil werom, *steun my mei de geast dy’t reewillich makket.

Dan sil ik de sûnders jo wegen leare, *dat de ferdwaalden by Jo weromkomme.

Ferlos my fan ’e bloedskuld, o God dy’t my befrijt, *dan jubelet myn tonge, mei’t Jo my oan myn rjocht helpe.Hear, iepenje my de lippen, *dan ferkundigje ik jo lof.

Want no hawwe Jo gjin nocht oan in offer, *al brocht ik in brânoffer, it soe Jo net befredigje.

Myn offer, o God, is in brutsen geast, *in brutsen geast en in tebrizele hert, °God, Jo achtsje dat net lyts.

1020 Itdeistichgebed

Page 18: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Doch Sion goed yn jo wolbehagen, *bou oan ’e muorren fan Jeruzalem.

Dan sille de offers Jo oanstean, °folsleine brânoffers,dan sil it hoarnfee op jo alters brocht wurde.

1021Psalmenencantica

Page 19: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 63

O God, Jo binne myn God *en ik sykje om Jo.

myn siele hat toarst nei Jo, °myn libben smachtet nei Jo *as droege, toarstige grûn dy’t gjin wetter krijt.

Sa sjoch ik yn it hillichdom nei Jo út *om jo macht en gloarje te oanskôgjen.

Want jo geunst betsjut mear as it libben; *dêr moatte myn lippen Jo om priizgje.

1022 Itdeistichgebed

Page 20: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Sa wol ik Jo loovje myn libben lang *en yn jo namme myn hannen opstekke.

As mei fet en moarch wurd ik sêde, *myn mûle is fol jubel en lof.

As ik op bêd oan Jo tink *en oer Jo mimerje as ik wekker lis,

– jawis, Jo binne my in help wurden; *yn it skaad fan jo wjukken jubelje ik.

Mei hert en siel hingje ik oan Jo *en jo rjochterhân hâldt my oerein.

1023Psalmenencantica

Page 21: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 90

Hear, Jo hawwe ús in taflecht west, *it iene geslacht nei it oare.

Foardat de bergen berne wienen, °ierde en wrâld ta wêzen kamen, *ja fan ivichheid oant ivichheid binne Jo God.

1024 Itdeistichgebed

Page 22: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Jo litte de minske wer ta stof keare *en jo sizze: Wurd wer stof, minskebern.

Want tûzen jier is foar Jo °as de dei dy’t juster foarbygong, *as in wachtersskoft yn ’e nacht.

Jo nimme de minsken wei as flarden sliep yn ’e moarn, *as gers dat mar amper opkomt.

Yn ’e moarntiid komt it op en it waakst, *de jûns is it wilich en fertoarke.

Want wy fergeane troch jo grime, *wurde opjage troch jo lilkens.

Us sûnden sette Jo foar Jo del, *wat wy beside hâlde, komt dan yn it ljocht fan jo antlit.

O, al ús dagen binne foarbygien ûnder jo grime, *ús jierren binne weiwurden as in sucht.

It tal fan ús jierren komt op santich jier *of op syn bêst op in tachtich;

it treflikste dêrfan is pine en fertriet,*it giet hurd en wy fleane nei de ein.

Wa ken it geweld fan jo grime *en wa hat ûntsach genôch foar jo lilkens?

Lear ús sa de dagen te tellen, *dat wy in wiis hert krije.

Kom werom, Heare! Hoelang noch? *Haw begrutsjen mei jo tsjinners.

Jou ús yn ’e moarntyd jo geunst mei folle hân, *dan kinne wy jubelje en al ús libbensdagen bliid wêze.

Meitsje ús likefolle dagen bliid °as Jo ús ûnder druk set hawwe, *al dy jierren dat wy it ûnheil seagen.

1025Psalmenencantica

Page 23: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Meitsje jo tsjinners jo wurk bekend *en oan har bern jo hearlikheid.

Mei sa de geunst fan de Hear, ús God, oer ús wêze *en lit Jo it wurk fan ús hannen wol bedije.

1026 Itdeistichgebed

Page 24: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 91

Dy’t yn ’e skûle fan de Heare wennet *en feilich is yn it skaad fan ’e Machtichste,

dy mei tsjin de Heare sizze: Myn taflecht en stins, *myn God, dêr’t ik it op oankomme lit.

Hy rêdt dy ommers út it net fan ’e fûgelfanger, *fan de deadlike pestsykte.

1027Psalmenencantica

Page 25: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Mei syn flerken dekt Er dy, °ûnder syn wjokken fynsto beskûl. *Syn trou is in skyld en pânser.

Do hoechst net te skriljen foar de skrik yn ‘e nacht, *foar de pylk, dy’t snuorret op ljochtskyndei,

foar de pest, dy’t troch it tsjuster slûpt, *foar de goarre, dy’t op ’e middei taslacht.

Tûzen falle njonken dy, °tsientûzen oan dyn rjochterhân, *mar dij komt it net benei.

Inkeld mei de eagen wurdst it gewaar *en do meist sjen hoe’t de sûnders straft wurde.

Omdatsto de Heare dyn taflecht neamst *en de Heechste foar dyn stins hâldst,

sil dy gjin ûnheil moetsje, *gjin pleach dyn tinte beneikomme.

Want syn ingels jout Er opdracht *om dy op al dyn wegen te hoedzjen.

Dy sille dy op ’e hannen drage, *datst dyn foet oan gjin stien stjitst.

Oer liuwen en slangen rinsto hinne *en do fertrapest de liuw en de draak.

Om’t er him oan My bynt, rêd ik him, *om’t er myn namme ken, beskermje Ik him.

Ropt er My, dan jou Ik antwurd, °hat er it benaud, dan bin Ik mei him, *Ik skuor him los en bring him ta eare.

Ik jou him de romte oan libbensdagen *en lit him sjen hoe’t Ik útrêding bring.

1028 Itdeistichgebed

Page 26: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 95

Kom, lit ús de Heare tajubelje, *jûchje foar de rots dy’t ús rêdt.

Lit ús mei in lofsang foar Him stean gean, *mei psalmen foar Him jûchje.

Want in grut God is de Heare, *in grut kening oer alle goaden.

1029Psalmenencantica

Page 27: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Yn syn hân binne de djipten fan ’e ierde, *fan Him binne de toppen fan ’e bergen.

De see is fan Him, Hy hat dy makke, *de fêste wâl, syn hannen hawwe dy foarme.

Kom, lit ús delfalle en bûge, *knibbelje foar de Heare, dy’t ús makke hat.

Hy is ommers ús God, °en wy binne it folk, dat Er hoedet, *de keppel dêr’t syn hân oer giet.

Och, woenen jim hjoed noch harkje nei syn stim. °Ferhurdzje jimme net lykas by Meriba, *as destiids by Massa yn ’e wyldernis,

dêr’t jimme foarfaars My hifken *en fergen, hoewol’t hja myn wurk seagen.

Fjirtich jier haw Ik fan dat geslacht walge. °Ik sei: It hert fan dat folk is op ’e doele, *se wolle fan myn wegen net mear witte.

Dêrom haw Ik yn myn grime sward: *By My sille se gjin rêst fine!

1030 Itdeistichgebed

Page 28: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 110

Dit wie de Godsspraak fan ’e Heare oan myn hear: °Gean sitten oan myn rjochterhân. *oant Ik fan dyn fijannen dij in fuotbank meitsje.

De skepter fan jo macht °mei de Heare jo oanrikke út Sion wei.*Hearskje middenmank jo fijannen.

Jo folk stiet klear de deis dat jo jo macht sjen litte: °yn hillige pronk stiet de jongerein foar jo ree *as de dauwe út ’e skurte fan ’e dage.

1031Psalmenencantica

Page 29: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

De Heare hat sward en it komt Him net te muoien: *Do bist foar ivich pryster op ’e wize fan Melchisédek.

De Heare stiet oan jo rjochterhân. *No teplettert Er keniningen, as syn grime losbarst.

Hy rjochtet de folken, besieddet de lannen mei liken, *tepletters koppen op it wide fjild.

Hy drinkt ûnderweis út ’e beek, *dan kin er de holle wer tille.

1032 Itdeistichgebed

Page 30: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 111

Ik tankje de Heare mei it hiele hert, *yn ’e rûnte fan ’e frommen en yn ’e gearkomste.

Grut binne de dieden fan ’e Heare; *dy’t der bliid mei binne, hawwe der ûnderfining fan.

Ferheven en hearlik is syn dwaan *en syn gerjochtichheid bestiet foar ivich.

1033Psalmenencantica

Page 31: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Mei syn wûnders hat Er namme makke; *goedgeunstich en barmhertich is de Heare.

Dy’t ûntsach foar Him hienen, hat Er iten jûn *en altyd tinkt Er oan syn ferbûn.

Hy hat it folk syn machtsdieden fiele litten, *doe’t Er har it erfskip fan ’e heidenen joech.

Wier en rjocht binne de wurken fan syn hannen, *betroud binne al syn oarderingen,

foar ivich en altyd steane se fêst, *yn trou en oprjochtens moatte se dien wurde.

Syn folk hat Er ferlossing beskikt, ° syn ferbûn har foar ivich oplein; *syn namme is hillich en ûntsachlik.

Untsach foar de Heare is it begjin fan ’e wysheid °en al wa’t dat hat, sjocht it goed. *Syn lof sil ivich bestean.

1034 Itdeistichgebed

Page 32: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 112

Hoe gelokkich is de man, dy’t ûntsach hat foar de Heare *en bliid is mei syn geboaden.

Syn neiteam sil sterk wêze yn it lân, *it geslacht fan ’e frommen wurdt segene.

Yn syn hûs is grutte rykdom *en syn gerjochtichheid giet altyd troch.

Foar de fromme is der in ljocht yn it tsjuster; *genedich, barmhertich en rjocht.

1035Psalmenencantica

Page 33: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

In goed minske wit fan jaan en útlienen *en hy be-oarderet syn saken sa’t it heart.

Hy sil yn der ivichheid net wifkje *en de rjochtfeardige bliuwt yn oansjen.

Kwealaster is er net bang foar, *syn hert is wis yn ’t fertrouwen op ’e Heare.

Hy bliuwt himsels en ferblikt net, *oant er op syn tsjinstanners delsjen mei.

Goederjousk dielt er mei oan ’e earmen °en syn gerjochtichheid giet altyd troch, *syn eare en macht winne hieltyd oan.

De ferkearde sjocht it en fergunt it him, °hy knarst op ’e tosken en jout him ôf. *Wat sûnders begeare, komt neat fan terjochte.

1036 Itdeistichgebed

Page 34: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 113

Loovje, tsjinners fan de Heare, *loovje de namme fan de Heare.

Heech te priizgjen is de namme fan de Heare *fan no ôf oant yn i-vichheid.

Fan it uterste easten oant it fierste westen *is de namme fan de Heare te loovjen.

1037Psalmenencantica

Page 35: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Boppe alle folken is de Heare ferheven * en syn hearlikheid is boppe de himel.

Wa is as de Heare, ús God, * yn ’e himel of op ’e ierde?

dy’t yn ’e hichte syn troan hat, *en yn ’e lichte delsjocht,

dy’t de swakke oerein helpt út it stof *en de earme omheech hellet út it slyk,

dy’t him plak jout njonken eallju, *njonken de eallju fan syn folk,

Dy’t de ûnfruchtbere húsfrou wenje lit *as in blide mem-mei-bern.

1038 Itdeistichgebed

Page 36: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 114

Doe’t Israel út Egypte teach, *it skaai fan Jakob út in frjemd-talich folk,

is Juda syn hearlike wente wurden *en Israel syn ryksgebiet.

Dat seach de see en f lechte, *de Jordaan ek skrille tebek,

1039Psalmenencantica

Page 37: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

de bergen sprongen as rammen, *de heuvels as jonge lammen.

Wat wie deroan, see, datsto f lechtest, *Jordaan, datsto tebekskrillest?

Wêrom, bergen, sprongen jimme as rammen *en jimme, heuvels, as jonge lammen?

Beevje, ierde, foar it antlit fan de Heare, *foar it antlit fan Jakobs God,

dy’t de rots yn in dobbe feroare *en de balstien yn in wetterwelle.

1040 Itdeistichgebed

Page 38: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 115

Net ús, o Heare, net ús, mar jo namme komt eare ta * om jo geunst en trou.

Wêrom moatte de folken sizze: *“Wêr is dochs har God?”

Us God is yn ’e himel *en Hy docht wat Er wol.

1041Psalmenencantica

Page 39: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Har goaden binne sulver en goud, *troch minskehannen makke.

Se hawwe in mûle, mar prate net, *se hawwe eagen, mar sjogge net,

se hawwe earen, mar hearre net, *se hawwe in noas, mar rûke net,

se hawwe hannen, mar taaste net, °se hawwe fuotten, mar rinne net, *se jouwe gjin lûd mei har kiel.

Dy’t har makke hawwe, moatte wurde as sij *mei elk dy’t op har fertrout.

Mar Israel fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

It hûs fan Aäron fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

De godfreezjenden fertrouwe op de Heare, *Hy is har help en har skyld.

De Heare tinkt oan ús, Hy sil ús segenje, *Hy sil It hûs fan Israel segenje,

Hy sil segenje dy’t ûntsach ha, *de lytsen en de grutten.

De Heare mei jim oanwinne litte, *jimme en jim bern.

Segene binne jim troch de Heare, *dy’t himel en ierde skepen hat.

De himel is de Heare sines *mar de ierde hat Er de minsken jûn.

Net de deaden sille de Heare loovje, *net ien fan har dy’t yn ’e stilte delsonken binne,

1042 Itdeistichgebed

Page 40: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

mar wy, wy wolle de Heare priizgje *fan no ôf oant yn i-vichheid.

1043Psalmenencantica

Page 41: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 116

I

Ik haw de Heare tige leaf, *om’t Er nei myn smeekjen harket,

Om’t Er it ear nei my hâlden hat, *sil ik Him oanroppe myn libben lang.

1044 Itdeistichgebed

Page 42: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Bannen fan ’e dea wienen om my hinne spand, °de eangst foar it deaderyk fleach my oan, * yn druk en drôvens kaam ik suver om,

mar ik rôp de Heare by de namme: *O Heare, rêd myn libben!

Genedich en rjochtfeardich is de Heare *en barmhertich is ús God.

De Heare hoedet de ienfâldigen; *ik wie der min oan ta, mar Hy hat my ferlost.

Kom wer ta rêst, sis ik tsjin mysels, *want de Heare hat dy goed dien.

Omdat Jo myn libben frijskat hawwe fan ’e dea, °myn eagen fan triennen *en myn fuotten fan stroffeljen,

dêrom kin ik by de Heare yn- en útgean *yn it lân fan ’e libbenen.

1045Psalmenencantica

Page 43: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

116

II

Ik hie fertrouwen, al sei ik ek: *O wat bin ik der ellindich oan ta –

en al tocht ik mismoedich: *Alle minsken falle my ôf.

Wat sil ik de Heare no weromdwaan *foar alle goeds dat Er my dien hat?

Heech til ik de beker fan it heil *en rop de namme fan de Heare út

Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk.

Te djoer is yn ’e eagen fan de Heare, °jo tsjinstfeint, in soan fan jo tsjinstfaam, dêrom hawwe Jo myn boeien tebrutsen.

Oan Jo bring ik in tankoffer *en ik rop de namme fan de Heare oan.

Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk,

yn ’e foarhôven fan it hûs fan de Heare *yn dyn fermidden, Jeruzalim.

1046 Itdeistichgebed

Page 44: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 117

1047Psalmenencantica

Page 45: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 118

1048 Itdeistichgebed

Page 46: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

I

Tankje de Heare, want Hy is goed, *ivich duorret syn geunst.

Israel moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

It hûs fan Aäron moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

Al wa’t ûntsach foar de Heare hat moat sizze: *ivich duorret syn geunst.

Yn ’e benaudens rôp ik oan de Heare; *de Heare hat my antwurde en my romte jûn.

As de Heare foar my is, bin ik net bang. *Wat kinne minsken my oandwaan?

As de Heare myn helper is, *dan sjoch ik op myn haters del.

It is better by de Heare te skûljen *as op minsken fan oansjen te fertrouwen.

1049Psalmenencantica

Page 47: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

118

II

Alderhanne folken hienen my besingele: *Yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

Oan alle kanten hienen se my besingele: *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

As bijen hiene se my besingele, °mar as in toarnefjoer binne se útgien; *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.

Se hienen my sa stompt, dat ik foel omtrint,mar de Heare hat my bystien.*

De Heare is myn krêft en myn liet, *Hy is myn rêder wurden.

Der is lûde jubel en triomf *yn ’e tinten fan ’e rjochtfeardigen:

De rjochterhân fan de Heare is heech ferheven,de rjochterhân fan de Heare docht machtige dieden. *

Ik sil net stjerre, mar libje *en fertelle wat de Heare dien hat.

De Heare hat my kastijd en wer kastijd, *mar net oan ’e dea oerjûn.

1050 Itdeistichgebed

Page 48: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

118

III

Doch my de poarten fan ’e gerjochtichheid iepen; *ik wol deryn om de Heare te tankjen.

Dit is de poarte nei de Heare; *de rjochtfeardigen meie der ta yngean.

Ik tankje Jo, dat Jo my antwurde ha *en dat Jo myn rêder wurden binne.

De stien dy’t de boulju weidien hienen, *dy is no de hoekstien wurden.

Dat is sa kommen troch de Heare *en in wûnder is it yn ús eagen.

Dit is de dei, dy’t de Heare makke hat; *om Him wolle wy jubelje en bliid wêze.

Och Heare, jou ús útrêding! *Och Heare, dat it ús slagje mocht!

Heech te priizgjen is, dy’t komt yn ’e namme fan de Heare. °Wy winskje jimme heil út it hûs fan de Heare. *De Heare is God, Hy liet it foar ús daagje.

Byn no it feestoffer mei touwen *oan ‘e hoarnen fan it alter.

Jo binne myn God en Jo wol ik tankje, *myn God, heech wol ik fan Jo opjaan.

Tankje de Heare, want Hy is goed, *ja, ivich duorret syn geunst.

1051Psalmenencantica

Page 49: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 121

Ik slach myn eagen op nei de bergen. *Wêr moat myn help wei komme?

Myn help komt fan de Heare, *dy’t himel en ierde makke hat.

Hy lit dyn foet net wifkje *en Hy slommet net, dyn Hoeder.

1052 Itdeistichgebed

Page 50: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Nee, net slomje en net sliepe *sil de Hoeder fan Israel.

De Heare is dyn Hoeder, *de Heare is dyn skaad oan ’e rjochterside.

Oerdeis stekt dy de sinne net, *nachts docht de moanne dy gjin kwea.

De Heare hoedet dy foar alle kwea, *Hy hoedet dyn libben.

De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen *fan no ôf oant yn i-vichheid.

1053Psalmenencantica

Page 51: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 130

Ut ‘e djipte wei rop ik Jo, Heare. *Hear, harkje nei myn stim.

Lit Jo earen dochs acht jaan *op myn lûd smeekjen.

As Jo, Heare, my de sûnden oanrekkenje, *o Hear, wa kin dan steande bliuwe?

1054 Itdeistichgebed

Page 52: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Mar Jo kinne ferjaan *en dêrom hat men ûntsach foar Jo.

Ik wachtsje op de Heare, *mei hert en siel wachtsje ik, ik hoopje op syn belofte.

Mei hert en siel sjoch ik út nei de Heare, *mear as wachters nei de moarntyd, °wachters nei de moarntyd.

Wachtsje, Israel, op de Heare, want by de Heare is genede, *by Him is folsleine ferlossing.

Ja, Hy sil Israel ferlosse *fan alle ûngerjochtichheid.

1055Psalmenencantica

Page 53: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 134

Kom, priizgje no de Heare, *jimme tsjinners fan de Heare,

dy’t de nachttsjinst hawwe *yn it hûs fan de Heare.

Heevje de hannen nei it hillichdom *en priizgje de Heare.

De Heare dy’t himel en ierde makke hat, *Hy mei dy segenje út Sion wei.

1056 Itdeistichgebed

Page 54: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 141

Heare, ik rop om Jo, kom mei hasten by my, *harkje, no’t ik lûd om Jo rop.

Lit myn gebed as wijreek nei Jo opstige, *en lit myn opstutsen hannen in jûntydsoffer wêze.

Set, Heare, in wacht foar myn mûle *en hoedzje de doar fan myn lippen.

1057Psalmenencantica

Page 55: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Lit myn hert net oerhingje nei it ferkearde, *oars soe ik my slim besûndigje kinne.

Al hoe’t kweaminsken my ek lokje, *lit my net priuwe fan har swiet.

In rjochtfeardige mei my slaan, dat docht my deugd, °as dy my ôfstraft, is it as oalje op myn holle.As se yn it lijen komme, bliuw ik noch biddende;

As se yn ’e hurde hân fan har rjochters falle, *dan sille se noch altyd hearre, °hoe freonlik myn wurden binne.

As hie immen de ierde ploege en iepenskuord, °sa lizze ús bonken strak ferstruid, * de mûle fan it deaderyk is iepen.

Mar, Heare, myn God, nei Jo sjogge myn eagen °en by Jo sykje ik myn taflecht; *smyt myn libben net wei yn ’e dea.

Hoedzje my foar de strûp dy’t se my spanne, *en foar de falnetten fan kweadoggers.

Lit de ferkearden yn har eigen kûlen falle, *wylst ik myn wegen gean.

1058 Itdeistichgebed

Page 56: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 146

Lit al wat yn my is de Heare priizgje, *ik priizgje de Heare myn libben lang,

foar myn God wol ik psalmsjonge * salang as ik der bin.

Fertrou net op foarsten, net op minskebern, *dêr’t gjin help fan komt.

1059Psalmenencantica

Page 57: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

As de siken derút geane, wurdt er wer stof fan ’e ierde *en is it dien mei syn foarnimmens.

Gelokkich de man dy’t Jakobs God as helper hat, *dy’t hopet op de Heare, syn God;

God, dy’t himel en ierde makke hat, *De see en al wat dêryn is.

Dy’t trou bliuwt oant yn i-vichheid, *dy’t ferdrukten oan har rjocht helpt

en de hongerigen brea jout. *De Heare lit de gefangenen los,

de Heare jout de blinen it gesicht, *de Heare helpt de delbûgden oerein,

de Heare hâldt it mei de rjochtfeardigen, *de Heare beskermet de frjemdelingen,

Hy hâldt de widdo en de wees op fuotten, *mar de wei fan sûnders lit Er dearinne.

De Hear is foar ivich kening, *dyn God, Sion, fan âlder op âlder.

1060 Itdeistichgebed

Page 58: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 148

Loovje de Heare út de himel wei, *loovje Him yn ’e hichte,

loovje Him, al syn ingels, *loovje Him, al syn legers,

loovje Him, sinne en moanne, *loovje Him, alle ljochtsjende stjerren,

loovje Him, boppeste himel *en jimme, wetters boppe de himel:

1061Psalmenencantica

Page 59: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

hja moatte de namme fan de Heare loovje, *want op syn befel binne se skepen;

Hy joech har foar altyd en ivich it bestean *en brocht har yn in baan dy’t Er net wer feroaret.

Loovje de Heare ek fan de ierde ôf, *jimme, seemeunsters en alle djipten,

fjoer en hagel, snie en dize, *do, stoarmwyn dy’t syn wil folbringt,

jimme, bergen en alle heuvels, *fruchtbeammen en alle seders,

jimme, wyldguod en alle fee yn keppels, *al wat krûpt en al wat f ljocht,

jimme, keningen fan ’e ierde en alle folken, *foarsten en rjochters op ierde,

jimme, jongfeinten en jongfammen, *de âlderein mei de jongerein;

hja moatte de namme fan de Heare loovje, °want syn namme is allinnich ferheven *en syn majesteit is boppe himel en ierde.

Hy liet de macht fan syn folk oanwinne, *Hy joech al syn geunstlingen in lofsang,

oan de bern fan Israel, *oan it folk dat Him neistiet.

1062 Itdeistichgebed

Page 60: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 149

Sjong foar de Heare in nij liet, *syn lof yn ‘e gemeente fan syn geunstlingen.

Lit Israel bliid wêze om syn Skepper, *lit de bern fan Sion jubelje om har Kening.

Lit har syn namme huldigje mei dûnsjen, *lit har by tromme en liere foar Him psalmsjonge.

1063Psalmenencantica

Page 61: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Want de Heare hat tige mei syn folk op, *Hy kroanet de ellindigen mei de oerwinning.

Lit de geunstlingen jubelje yn gloarje, *lit har jubelje yn har legerkampen,

de mûle fol fan Gods lofprizingen *en in twasnedich wapen yn ’e hân.

Wraak oefenje ûnder de folken, *ferjilding ûnder de naasjes,

har kening mei kettings bine, *har foarname lju mei izeren boeiens,

it beskreaune fonnis oan har útfiere – *dàt is de eare foar al syn geunstlingen.

1064 Itdeistichgebed

Page 62: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

PSALM 150

Loovje God yn syn hillichdom, *loovje Him yn syn machtich ferwulft,

loovje Him om syn machtige dieden, *loovje Him, machtich en grut dat Er is,

loovje Him mei de klang fan ’e rammehoarn, *loovje Him mei harp en liere,

loovje Him mei tromme en dûns, *loovje Him mei snaren en fluit,

loovje Him mei slaande bekkens, °loovje Him mei sketterjende bekkens, *al wat sykhellet, loovje de Heare.

1065Psalmenencantica

Page 63: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

CanticaAntifoanen(meioantsjuttingfanpsalmtoan)side1070-1090

Lukas 1:46-55LofsangfanMaria

Ik loovje de Hear mei hert en siel, *ik jubelje om God, myn Rêder:

dat Er genedich delsjoen hat op syn lytse faam. *Dêrom sille fan no ôf alle geslachten my lokkich neame,

omdat Hy dy’t de Machtige en de Hillige hjit, *grutte dingen oan my dien hat.

De geslachten lâns giet syn barmhertichheid *oer dy’t earbied foar Him hawwe.

Hy hat sjen litten de sterkens fan syn earmen, *de heechhertigen reage Er útinoar.

Hege machthawwers helle Hy del fan ’e troan, *mar lytse lju holp Er omheech.

Hongerigen hat Hy sêde mei goede jeften, *mar riken stjoerde Er mei lege hannen fuort.

Hy hat it opnommen foar Israel, syn tsjinner, *troch te tinken om syn barmhertichheid,

lykas Er ús foarâlden tasein hie, *Abraham en syn neiteam ta segen, altiten troch.

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1066 Itdeistichgebed

Page 64: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Lukas 1:68-79LofsangfanSacharias

Heech te priizgjen is de Hear, de God fan Israel, *want genedich hat Er nei syn folk omsjoen °en it ferlossing brocht.

In rêdende krêft liet Er foar ús opkomme *yn it hûs fan David, syn tsjinner,

sa’t Er tasein hie troch de mûle *fan dy’t de ieuwen lâns syn hillige profeten wienen:

ferlossing fan ús fijannen *en út ’e macht fan al ús haters.

Meilijen hied Er mei ús foarâlden * en Hy tocht om syn hillich ferbûn

en om ’e eed dy’t Er dien hie oan Abraham, ús heit, *dat wy sûnder eangst, frij fan fijannen,

Him tsjinje koenen, hillich en from *foar Him stean, alle dagen.

En do, myn jonkje, silst profeet °fan de Alderheechste neamd wurde, *want do silst foar Him út gean °om syn paad ree te meitsjen

en te soargjen dat syn folk kennis kriget fan ’e ferlossing, *trochdat de sûnden har ferjûn wurde °fanwegen de ynmoedige barmhertichheid fan ús God,

wêrmei’t Er genedich op ús delsjen sil *as Moarnsrea út ’e himel,

om harren ljocht te bringen, °dy’t sitte yn it tsjustere skaad fan ’e dea *en ús it paad nei frede op te stjoeren.

1067Psalmenencantica

Page 65: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1068 Itdeistichgebed

Page 66: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Lukas 2:29-32LofsangfanSimeon

No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij *om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean;

myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen, *dy’t Jo tarè­t hawwe foar it each fan alle folken,

in ljocht om de heidens it paad te wizen*en in gloarje foar jo folk Israel.

Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,

lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.

1069Psalmenencantica

Page 67: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

Antifoanen by de cantica

1070 Itdeistichgebed

Page 68: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1071Psalmenencantica

1

2

3

Page 69: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1072 Itdeistichgebed

4

5

6

7

Page 70: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1073Psalmenencantica

8

9

10

11

Page 71: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1074 Itdeistichgebed

12

13

14

15

Page 72: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1075Psalmenencantica

16

17

18

19

Page 73: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1076 Itdeistichgebed

20

21

22

Page 74: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1077Psalmenencantica

23

24

25

26

Page 75: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1078 Itdeistichgebed

27

28

29

30

Page 76: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1079Psalmenencantica

31

32

33

Page 77: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1080 Itdeistichgebed

34

35

36

37

Page 78: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1081Psalmenencantica

38

39

40

41

Page 79: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1082 Itdeistichgebed

42

43

44

Page 80: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1083Psalmenencantica

45

46

47

48

Page 81: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1084 Itdeistichgebed

49

50

51

52

Page 82: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1085Psalmenencantica

53

54

55

Page 83: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1086 Itdeistichgebed

56

57

58

Page 84: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1087Psalmenencantica

59

60

61

Page 85: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1088 Itdeistichgebed

62

63

64

65

Page 86: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1089Psalmenencantica

66

68

69

70

67

Page 87: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden

1090 Itdeistichgebed

71

72

73